Top

Piter Wilkens - De Fleanende Hollanner (DVD)

  • Piter Wilkens - De Fleanende Hollanner (DVD)
19,95
Verwachte levertijd: 3 werkdagen


Nei it sukses fan de teatertoernee ‘It fûgeltsje yn myn gitaar’, presintearre Fryslâns bekendste trûbadoer Piter Wilkens in twadde oade oan Cornelis Vreeswijk. It twadde programma mei yn it Frysk oersetten ferskes fan Vreeswijk hjit: ‘De Fleanende Hollanner’. Dat is de bynamme fan Cornelis Vreeswijk (1937 – 1987) dy’t as trûbadoer bekend wie yn Nederlân en Sweden. Yn it Frysk klinke syn nûmers allegear ferrassend fris en aktueel. Op 30 juny hat Piter Wilkens mei syn band ‘De Fleanende Hollanner’ brocht yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean. Omrop Fryslân hat it konsert registrearre en dit wurdt no op dvd útbrocht. Dat is unyk, want der is noch net earder yn syn lange karriêre in dvd van Piter Wilkens útbrocht!

1 Sis, wat bart der mei ús nei ús dea?
2 Felicia farwol
3 De noazem en de non
4 Veronica
5 Linnéa yn galop
6 Fielsto ús skaden?
7 Myn leafste yn in liet
8 Guon rinne om op stikkene skuon
9 Thúshavensamba
10 Jiskebultballade
11 Bakker de bakstien
12 Ienfâldich trûbadoer
13 Fannacht hie ik in frjemde dream
14 Toeristeklacht
15 Sonja en Sieu
16 Ballade fan âld baas
17 Freark en Cecilia Lind
18 Autowaskerijblues
19 It fûgeltsje yn myn gitaar
20 Dubrovnik blues
21 Humphrey’s blues
22 Liwwarder blues
23 Simmerkaart

Op de dvd stiet ek de prachtige dokumintêre: ‘Op syk nei Cornelis Vreeswijk’ fan Omrop Fryslân programmamakker Piter Tjeerdsma. In koarte 'road movie' oer de syktocht fan Wilkens nei it Sweedske ferhaal fan Cornelis Vreeswijk. Underweis nei it jierlikse Cornelis Vreeswijk betinkingsfestival yn Stockholm siket Piter Wilkens minsken op dy't Vreeswijk goed kend hawwe. It waard in bysûndere reis mei in soad ûnferwachte optredens en moetings.

Uitvoering Dvd, 1 disk
Kleur Color
Regio 2
Verpakking Amaray
Releasedatum 28 december 2011
EAN 8714835091714

Artikelnummer: 8714835091714
Reviews (0)